Text Size
Frysk / Fries

WOLKOM

friesland


Wa is Jo riejouwer?
Radiomeditaasje en gebed troch Evangelist Sieberen Voordewind

Beminde harkers, yn dizze utstjoering wol ik it jern mei Jo ha oer it underwerp: "Wa is Jo riejouwer?" Iepen Jo hert foar't Wurd fan de Libbene God wylsjo lústerje en wurd ryk segene. Want de Bibel hat te sizzen: "Wa't yn Him leaut, sil net beskamme weikomme." Wat Jo swierigheden ek binne, yn de Bibel léze we fan in man dy't djip yn de swierrichheid kaam. Syn namme is Josjafat. De Bibel hat te sizzen yn 2 Kroniken 20:2 en 3a: "Josjafat krige it boadskip: in grutte kloft is tsjin Jo opsetten, fan oare kant de Deade See, ut Edom wei... Doe waard Josjafat bang...

By gefal binne Jo lyk as Josjafat yn swierrichheid belânne en binne Jo skrupel. Benaud foar de takomst of om iensum te wurden, om te stjerre, om fallyt te reitsje. By gefal binne Jo benaud dat Jo net ut de swierrichheid komme.Wat Jowes swierrichheid ek is en wêr Jo dan ek skrupel foar binne, de fraach is: "Wa is Jo riejouwer ?" Ja, nei wa gean Jo mei jowes swierrichheid en noeden.
Gean dwaan wat Josjafat die. De Bibel hat te sizzen: "Doe waard Josjafat bang en hy sette himsels der mei ynmoed ta om de Heare om in útspraak te freegje." Hy naam it beslút om mei syn need ta de Libbene God te gean. De God Dy't eltse bea heart en ferheart dat neffens Syn Hillege Godsnamme is, op Syn tiid. De Bibel hat te sizzen yn vers 3: "Hy rop hiele Juda op om te fêstjen, en kaam Hiele Juda byinoar om help te sykjen by de Heare." Preezje de Heare! Josjafat siikjet syn taflecht net by in minske, mar by God.Syn tastân wie minsklikerwies hopeleas. Om't hy bidde:"Wy kinne neat begjinne tsjin dy grutte kloft dy"t tsjin ûs opsetten komt."
En mooglik binne jo ek net opwoeksen tsjin de swierrichheid dy't jowes libben deryn komme binne. Jowes tastân is minslikerwize: it kin gjin kant mear ut. Jo sjogge gjin útwyk mear. En lyk's Josjafat sizze Jo: "Wy witte net hoe't wy dermei oan moatte." Jo witte it net mear. Mar Wa is Jo riejouwer ? Nei wa gean Jo ta om help?
Josjafat gong nei God en bidde:"mar ûs eagen sjogge op nei Jo." Hy seag net langer op de situaasje. Mar yn't leauwen op de Libbene God by wa neat as alles mooglik is. Wilens hy bidde seit de Bibel: "Doe kaam midden yn 'e gearkomste de Geast fan de heare oer de Levyt, Jachaziël,...en hy sei: Harkje goed, hiele Juda en ynwenners fan Jeruzalem en kening Josjafat!
Dit hat de Heare jim te sizzen (en ek ta jim dy' t harkje nei dizze utstjoering): Wês net benaud en lit jim net ferbjusterje troch dizze grutte kloft, om't dizze striid is jimmes net, mar God sines. Stel jim mar op, bliuw stean en sjoch, hoe't de Heare jim, ûtkomst bringt! Juda en Jeruzalem, wês net bang en lit jim net ferbjusterje; gean der moarn op of, de Heare is mei jimme."
Ja, wilens hy en in protte oaren oant't bidde wienen, kaam de Hillige Geast mei it antwurd. Wat geweldich! En wy hawwe ut genede it beste Boek dat troch de Hillege Geast ynspireerd is en wêryn alle antwurden stean. Dat Boek hjit de Bibel! In de Bibel seit God ta jimme: "Rop My oan en iIk sil dij antwurd jaan en dij grutte en ûntrochgrûnbere dingen oankondigje, dêrsto gjin begryp fan hast...Ja Ik sil in kear bringe yn jimme lot.
As Jo de Libbene God as Riejouwer ta litte in jim libben dan sil Hy ta jim sprekke tydens it bidde, mei de Bibel of op oare wize. En syn help is de beste hel! Syn advysen binne de beste advysen. Doch lykas Josjafat: nim it beslút om nei de beste Riejouwer te gean: de Libbene God. En lykas by Josjafat sil de Heare jimmes oprjochte bidde hearen. En op Syn tiid sil Hy jim antwurd jaan.

Neidat de Heare Josjafat antwurde leze wy: "Doe bûgde Josjafat him djip foaroer, it gesicht oan é grûn ta, en Hiele Juda en de ynwenners fan Jeruzalem lieten har foaroer falle, om de heare te oanbidden."
Noch foardat hy ut syn swierrichheid kaam, leauwde hy God syn advysen en bûgde djip om't oanbidden.
As God ta ús taspekt tidens it bidden of Bibelléze ha wy net earst de oplossing te sjen mei ús ierdske eagen. It is foarearst leauwe yn God syn antwurd en advysen en dan ek sjen.

Jezus sei yn Markus 11:24: "Alles dêr't jim by it bidden om freegje, leauwe dat jim it ûntfangen ha, it sil dien wurde. Leau dat jimme bea troch God heard is foardat jim eat wat sjogge of fiele feroarjen. Begjin Him te tankjen foar it wûnder. Em lykas by Josjafat sil de Heare God ek jimmes bidden, dat nei Syn wil is, beäntwurdzje.
Op God syn tiid sil Jo ek ut de swierrichheid komme, en kin Jo lykas Josjafat rûnrinne mei blydskip en rest. Wy leze dêroer in God syn Wurd: "Doe gongen alle mannen fan Juda en Jeruzalem mei Josjafat foarop werom en kamen tige bliid yn Jeruzalem, want de Heare hie harren bliid makke mei de ûndergong fan har fijannen.
Se kamen Jeruzalem yn, nei it Hûs fan de Heare (siz mar de tsjerke), mei harpen, lieren en trompetten. De skrik foar de heare kaam op al de keninkriken fan de lânnen, doe sy hearren dat de Heare tsjin Israëls fijannen striden hat, mar it keninkrik fan Josjafat hie rest, om't syn God joech him rûnum frede."
Loovje de Hear! En wat de Libbene God foar Josjafat diin hat wol Hy ek dwaan foar Jo yn de Namme fan Syn Soan Jezus fan Nazaret Dy't yn de wrâld kommen is om sûnders lokkich te meitsjen. Wêr'tjo op dit stuit bist, yn de hâskeamer, finzenis, auto, wenwein of't wêr dan ek:
litte wy yn leauwe op dit stuit nei de troan fan God gean.
"O, machtiche God en Heit. Yn de bjusterbaarlike Namme fan Jezus Kristus kom ik ta Jo, mei dejinge dy't in noad hat en harkje nei dizze utstjoering. Wy wolle net twifelje, mar leauwe dat Jo grutter binne dan else need. En dêrom freegje ik Jo: Lit Jo rêdende, ferlossende, befrijende en hieljende krêft utgean op dit momint. Heelje de sike. Ferlosje fan pine. Befrij van bûn-wêzen, eangste en ferslaving. Nim wei else finansjeele swierrichheid. En foarsjog yn else need. O, Heare, kom mei Jo Godlike Krêft en salving op de harkers, dat harren libben nei dizze utstjoering net mear itselde wéze sil. Ik tank Jo, dat jo ut genede dit gebed hearre en ferhearre op Jo tiid. Ik loofje en tank Jo Hillige Namme." En myn beste freon of freondin: ûntfang genêzing, bevrijing, utkomst en ûntfang de machtiche salving fan God syn Geast in Jezus' Namme! Leauw dat en tankje Him dêrfoar! En ferjit dat nea; wa is Jo riejouwer ?
En ik winske jim de rike en machtiche Seine ta, yn de Wunderdiediche Namme fan Jezus Kristus, de Namme boppe al de nammen. Amen!

Vertaald door: Simon J. Stamhuis

* * * * * *

God is altyd grutter as dyn need
Radiomeditaasje en gebed troch Evangelist Sieberen Voordewind

Bêste harker,
Harkje mei oandacht nei wat ik dy te sizzen haw. Want it is net nedich
te sizzen dat do en ik yn in gaoatyske tiid libje. Miljoenen minsken
sjogge it libben net mear sitten. En wat is dyn need? Wat is dyn
probleem? Is it eangst, depresje, stress, iensumens, leechheid,
ferdriet, ferslaving, sykte of in sûnde? Bisto immen dy't de wanhoop
naby is?
Oh, do hast miskien fan alles besocht, mar neat hat holpen. Minskliker
wize is dyn tastân sûnder hoop. Myn bêste freon of freondinne jou it
net op, want der is hoop foar dy. God hat in antwurd foar dy. Ja, God
hat ús de Bibel jûn. En de Bibel is Gods stim. Yn 'e Bibel, dêr lês ik
yn Exodus haadstik 14, dat der in momint kaam yn it libben fan it folk
Israël en Mozes wêryn harren tastân minskliker wize sûnder hoop wie.
Se koene net mear foarút. Want foar harren wie it wetter fan de see.
Se koene net mear links of rjochtsôf, want dêr wiene hege bergen. En
se koene ek net mear werom, achterút. Want dêr kaam de fijân om harren
oan te fallen.
Do sitst miskien yn swierrichheden. En do kinst net mear foarút,
linksôf, rjochtsôf of achterút. Do stiest suver mei de rêch tsjin 'e
muorre. En wat giest dêr no oan dwaan?
De measte minsken sjogge nei de omstannichheden. De Bibel seit: 'Doe
waarden de Israëlieten tige bang en skreauden ta de Heare'. Ja, de
measte minsken sjogge op de problemen en jouwe God de skuld. Mar hoe't
it ek sit, ik lês yn 'e Bibel dat der ien man wie dy't net op de
problemen seach. Syn namme is Mozes. Hy hie deselde problemen as al dy
oare minsken. Mar Mozes ferwachte in wûnder fan God! Yn it leauwen sei
Mozes (en dat jildt ek foar dy): 'Wês net bang, hâldt fol, dan silsto
de ferlossing fan de Hear sjen, dy't Hy dy hjoed jaan sil. En de
libbene God is altyd grutter as dyn need. Ja, God is altyd grutter as
dyn need. Gjin nacht is te tsjuster. Gjin probleem is te grut. Gjin
put is te djip of God kin en wol dy helpe, no op dit stuit, tidens
dizze útstjoering.
God die in wûnder foar Mozes en it folk fan Israël. God makke in paad
wêr't gjin wei wie. En ek tsjin dy seit de Heare: 'Rop My oan yn dyn
banges en Ik sil dy rêde.' God wol no in wûnder foar dy dwaan. Hy wol
dy it grutste wûnder jaan. En dat is it wûnder fan ferjouwing. It
wûnder fan rêding. Wêrsto no ek bist: knibbelje ergens del. De Heare
Jezus, Gods' Soan, strekt Syn hannen nei dy út. Freegje Him
ferjouwing. Beliedt dyn sûnden. Lit Jezus ta yn dyn libben. Jou dyn
libben oan Him. En leau op grûn fan 'e Bibel datst Gods bern bist en
rêden bist foar de ieuwichheid. En asto siik bist of pine hast: strek
yn leauwen dyn hannen no út nei God, nei omheech en ûntfang op dit
stuit genêzing en befrijing yn 'e namme fan Jezus. Untfang it en tank
Him foar it wûnder.
Ik winskje dy Gods rike en machtige seine ta. Amen.

Oersetting: Ruurd Walinga


It Fryske Folksliet

Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
Oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
Dy't Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

→ Fryske pipernuten ←

BOEKEN:

 
LEES MEER OP: BOEKEN

AANBEVOLEN:


ZOEKEN/SEARCH:

COPYRIGHT:

© Sieberen Voordewind
Alles op deze website is auteursrechtelijk beschermd! Niets van deze website mag worden verveelvoudigd en/of openbaar gemaakt worden door middel van druk, fotokopie, microfilm, of op welke wijze dan ook, zonder voorafgaande schriftelijke toestemming van de auteur. All rights reserved. Exodus 20:15 / Jeremia 23:30 / Romeinen 2:21. DE AUTEURSWET IS VAN TOEPASSING OP ALLES WAT OP DEZE WEBSITE STAAT. Voor de link naar de wet klik op: AUTEURSWET